Boppeslach Jouster dammers

Joure

In drege striid waard der ferwachte tsjin de SWH-kampioen damjen Tersoal en dat waard it ek. Dat wie dus gjin ferrasking mar de stiid hie wol in ferraskjende ûntknoping.

Ta ferwûndering fan oare klupleden bea Wiebren Couperus as earste in puntdieling oan oan syn tsjinstanner Jac. Buma. Dy skrok ek in bytsje en tocht efkes nei en kaam doe mei syn akkoard: 1-1. Wiebren as earste út: de earste ferrasking! Ultsje Venema tsjin Willem Pander waard ek 1-1 mar der skrok gjin minske fan. Jan Kooistra tsjin Ype de Vries: Jan stie better mar koe dat net yn punten útdrukke en sa stie der de tredde 1-1. Bonne Post tsjin Joh. Buma: Bonne stie der min foar en Johannes jage op de losse skiven fan Bonne om sa in oermacht en beide punten te pakken. It fenyn siet yn de sturt: mearslach giet foar en Bonne koe plakke en ek twa pakke. In netferwachte meifaller foar de Jousters: wer 1-1. Atte Boek tsjin Cor van Bavel: Atte mei in skiif minder slagge der wol yn en brek troch nei de daamline. En dêrnei wie hy tûk genoch om in stevige 1-1 del te setten. Herman de Jong tjin Wiepke Wouda: Herman koe moai trochrinne nei de daamline en koe in moaie 1-1 delsette. Lykwols Herman hie sydwyn en sylde oerdwers en krige in ien-tsjin- twa om de earen: it skip yn en mei lege hannen. In fikse tsjinfaller foar de Jousters mei noch mar twa boerden yn aksje. Op ien dêrfan siet Henk Haagsma tsjin Ane Hoekstra yn slimme tiidneed mar op trochbrekken nei de daamline: dat slagge en Henk makke doe koarte metten mei de protte losse skiven fan Hoekstra. Trije fuortjaan en seis of sân werompakke: in ûntknoping yn trije tellen mar wol winst en sa de klups op 7-7. Quido van Hazendonk siet noch tsjin Lolke Huitema: Quido hie nei in drege pot damjen de boppetoan en reage lang-om- let Lolke fan it boerd. In boppeslach foar Quido en foar de Jouster klup: 9-7. Yn de SWH-kompetysje spilen de oare fjouwer klups lyk: sa sille de krêftsfersklillen dit jier net fier útelkoar lizze yn de heechste SWH-groep. Foar de Jousters wie earste klap mear as in daalder. Wiebren Couperus

Auteur

Brenda van Olphen