Wachtsje op oarmans misset

DE JOUWER

Sa giet dat faaks by dammers op nivo. It iene nivo is net it oare nivo mar it prinsipe bliuwt gelyk. Jouster dammers kinne der ek wat fan mar de iene wike is de oare net.

Krige ferline wike Herman de Jong in kâns by in leech doel, dizze wike jûch hy in kans wei wylst it doel leech wie. Fuotbal mei damjen ferlykje? It doel is by beide te winnen; sa en dêrom hawwe sy by fuotbaljen twa doelen. Dammers dogge it ienfâdiger: it doel is te winnen en dan is it út. Quido van Hazendonk krige de winst oanbean troch Herman de Jong want dy jûch in kâns wei troch in twa tsjin trije ‘ruil’ en Quido wie sa goed en pak dat mei ien hân oan. In bytsje better útsjen hie Herman in hiel ein fierder bringe kind… mar út is út en Quido hie in maklike winst. Dreger hie Ultsje Venema it tsjin Atte Boek. Ultsje moast der in protte tiid ynstekke wylst it tal houten yn balâns wie. Atte hie mear tiid oer en de eagen goed iepen: de slachset wêr’t Ultsje mei drige wie Atte net ûntgien en hy trape der dan ek net yn. Foardat de klok baas-boppe- baas wurde soe, die Ultsje in útstel om te punten te dielen en dêr wie ek Atte tefreden mei. Jan Kooistra tsjin Jelke de Jong: Jelke siet yn it einspul mei in skiif minder mar de acht tsjin syn sân skiven like dochs noch wol musyk yn te sitten. Doet Jan de druk ferhege kaam Jelke mear en mear yn it nau en striek de flage en Jan hie syn jierdeikadootsje binnen. Noch ien dy’t in kadootsje krige: Wiebren Couperus mocht net kleie dat Henk Haagsma in kâns bea, mei beide noch acht skiven op it boerd, op in trochbraak nei de daamline wylst it tal houten lyk bleau. Henk oerseach de skeal en de stân en luts syn konklúzje: gjin salve oan te strieken mar noch wol de flage. Tiisdei 1 novimber komt de kampioensploech fan Tersoal nei ’t Syl: in drege striid foar de Jousters is te ferwachtsjen.


Auteur

Brenda van Olphen