Damjen: knikker op’e kant

DE JOUWER

Soks wurdt net ferwachte by damjen en as der dan in knikker yn’t spul is: hokker kant rôlet dy út? Seis man yn aksje yn’t Syl op’e Jouwer.

Jelke de Jong tsjin Atte Boek. Atte hie dit winterskoft alles al meimakke wat damjen oanbelange mar Jelke stie noch mei lege hannen. Tsjin elkoar: Jelke stiek in protte tiid yn syn partij en hood hiel lang stân, sels salang dat syn flage foar de twadde kear foel… Atte makke der sportyf gjin punt fan en beide mannen spilen troch omdat ek de skriuwerij net hielendal byhoden wie. Dizze spannende en sportive partij einige ek sportyf mei in puntedieling. Noch mear spanning wie der by beide oare damboerden. Twads oer de streep kamen Wiebren Couperus en Herman de Jong. Foar itselde jild hiene sy as earste út wêze kind: Wiebren skode der foar Herman in trije-om- trije yn en doe hie Herman yn ien klap oerwinner wêze kind al healwei de jûn. Herman liet de fûgel oer it net fleane: echt knikker op’e kant foar Wiebren want hy rekkene doe al op syn earste ferlies partij. Trochspylje levere wol spanning op mar fan wjerskanten gjin kânsen op in beslissing: 1-1. Dan de topper Bonne Post tsjin Quido van Hazendonk: Bonne stie noch op de folle winst út twa partijen en dêr koe Quido net mear oan tippe mei 4-6. Winst soe Bonne riant boppe-oan de ranglist bringe mar safier liet Quido it net komme: hy sette Bonne ûnder druk en dy krige it ek dreech mar slagge der wol yn en meitsje in daam, lykas Quido dat ek dien hie. De fjouwer tsjin trije yn Bonnes foardiel yn it einspul: gjin potten mear te brekken foar Quido want Bonne gie foar ien punt en ruile ôf nei twa tsjin trije: 1-1. Gjin beslissingen dizze jûn mar wol spanning. Twa koprinners: Quido no neist Ultsje Venema: beide 5-7 wylst Ultsje in dreger programma hân hat!


Auteur

admin