Alles is tydlik, ek damjen

Joure

Ien betingst dêr by is wol dat de klok meitikket om it tydlike binnen minsklike grinzen te hâlden. De ôfrûne wike kaam tiidneed net foar by de Jouster dammers. Alle dammers sieten sa rûchwei tagelyk mei acht of njoggen skiven op it boerd en dat is ek bysûnder want de koprinner fan ferline jier siet tsjin de nûmer 10 fan doe.

Miskien in bytsje spitich: hie hy leaver nr. 14 hân? Dat nûmer hat mear namme mar it neidiel fan bedoelde persoan is dat hy net mear damjen kin. Jelke de Jong damme as in mirakel en koe Quido van Hazendonk bybliuwe wat it tal skiven oanbelange. Lang net min; sterker noch Jelke rekke twa skiven en in daam in meartal! It neidiel wie dat syn daam op slach kaam te stean en dat Quido doe koarte metten makke mei Jelkes damhout. Quido de winst en it twadde plak op de ranglist. Ultsje Venema tsjin Herman de Jong: ek hjir giene de skiven moai yn balâns qua oantal. It spul wie mear Ultsjes wize fan damjen. Hy rekke ek earst op de daamline en op daam. Herman, yn de ferdrukking, hood noch wol efkes stân mar dat wie ek tydlik. Ultsje krige beide punten op de list en fiert no de ranglist oan mei 5-7. De tredde parij gie tusken Atte Boek en Wiebren Couperus: foar it each in partij mei wikseljende kansen. Earst like swart better te stean mar letter wie dat omdraaid. It koste Wiebren in protte tiid om Attes bolwurk in bytsje ôf te brekken mar der in gat yn slaan? Yn de fierste fierten net. Atte koe ôfwikkelje nei in lykweardich einspul… mar skoode ien skiif de ferkearde kant út en dat waard lang-om- let de set dy’t him yn de ûnderwâl telâne die kommen. Wiebren de winst en op it tredde plak fan de ranglist. De kompetysje duorret lykwols noch oan yn maart 2017 en pas dan stiet de ranglist fêst. Wiebren Couperus

Auteur

Brenda van Olphen