Gjin ferpot by de damklup

Joure

Sûnt 11 novimber 1929 wurdt der op’e Jouwer damme. Tritich, fjirtich leden wie gjin útsûndering yn it ferline. Hoe oars is dat hjoed de dei! Hellet de damklup ‘Joure en omstreken’ de hundert jier?

De hjoeddeiske leden dogge earst harren bêst om de 90 jier fol te meitsjen en geane der eltse wike wer foar. De trouwe folgers sille wol murken hawwe dat der guon misse neffens in jier tebek. Hoe’t dat sit? Troch omstannichheden moat Sietze de Jong efkes in stap werom dwaan en lit de hiele kompetysje sjitte en kin Bonne Post net mear as in heale kompetysje spylje. En doe wiene der noch achteninheal as oantal. Fan dy njoggen kamen der op 4 oktober 6 man yn aksje. Wy neame de rapsten: Henk Haagsma tsjin Ultsje Venema. Degelyk en foarsichtich danwol hoeden waarden de houtsjes ferskood. Fan beide kanten gie der neat mis en de beide mannen seagen it wol oankommen: dit wurdt in lykspul. En sa waard besletten. It neispul en trochspyljen levere noch in prachtich einspul op mei in hiel genipich setsje en in lûd laitsjen fan it omsittend laach: winst foar wyt mar dat telde net mear mei foar yn de boeken. Noch spannender gie it der om ta by Herman de Jong tsjin Atte Boek. Goed súnich mei it hout mar dêr docht de klok nea oan mei want dy tikket troch. De spanning rûn op en de klok rûn ôf: Atte slalomde nei in daam en Herman mocht noch efkes trochspartelje. Atte striek syn earste winst op en liet Herman mei lege hannen nei hûs gean. Sy hiene wol in moaie pot damme; en dat seine ek Jan Kooistra en Wiebren Couperus nei de langste pot fan de jûn. Lyk as by oaren dy’t lang oer ien spultsje damjen dogge: de tiid tikket troch en de iene brûkt mear as de oare. Jan, mei swart, siet wat rommer yn de tiid mar begie, mei elk noch fiif stiennen op it boerd, in misser en Jan seach dat as earste yn. “Dit is mis’’ waard syn útspraak en dat waard wier makke troch Wiebren, dy’ sa op in maklike wize yn it einspul oan twa punten kaam. Wiebren Couperus

Auteur

Brenda van Olphen