Earste útglider by de wintersport

Joure

En dan giet it oer de Jouster damklup: koene wy in wike earder noch sprekke fan gewoane útslagen, dan wie it Jouster Merke wike al oars. Merkekoarts of in oar Jouster firus? Wa sil it sizze?

Miskien soe Bonne Post it it bêste witte want hy giet oan kop fan de Jouster ploech omdat hy Jelke de Jong fersloech yn in troch kenners as regelmjittige partij beoardiele pot damjen. Giet Jelke dan regelmjittich ûnderút? De tiid sil it leare en wy wachtsje ôf. Herman de Jong tsjin Jan Kooistra: Herman kaam mei in moaie slach op daam en hie de winst foar it gripen mar – en dat wie miskien Merkekoarts – hy sette syn daam foar it gripen en Jan naaide út mei de winst. In mâle útglider fan Herman! Dan Atte Boek tsjin Henk Haagsma: gjin útgliders of it moat wêze dat de houten op it boerd fêst plakt liken te wêzen. Der hie noch in hiel skoft damme wurde kinnen mar nachtwurk stie beide mannen net oan. Yn goed oerlis waard ta in lykspyl besletten. Tsjin Quido van Hazendonk damje moatte, is altyd in drege put: dizze kear moast Ultsje Venema dat dwaan. Sa as te ferwachtsjen wie, wie Quido de oanfallende partij. It eage goed foar Quido mar Ultsje soe gjin Ultsje wêze as hy der gjin gat yn seach: in lykweardich einspul en ek hjir in 1-1. Al mei al leveret dat no in hiel peloton koprinners op, mei Bonne foarop mei 2-4 en dan fjouwer yn de lijte mei 3-4: Jan Kooistra, Ultsje Venema, Henk Haagsma en Quido van Hazendonk. Ferplicht frij fan damjen op 27 septimber en dan yn oktober wer oan’t harsensskrabjen! Wiebren Couperus

Auteur

Brenda van Olphen