De houtjes schuiven weer…..

Joure

En dat is de lading. Skowende lading: kin risikoos opleverje. De dammers fan de Jouster damklup witte der alles fan want it winterskoft 2016-2017 is begûn.

De ledegearkomst hat west: der kinne noch nijkommers by en dy meie foar heal jild de hiele winter meidwaan. Dat betsjut foar noch gjin euro de hiele jûn waarm sitte kinne. De earste spuljûn levere fuortendaliks in tal ferraskings op. Bonne Post waard de earste koprinner want hy skoode Herman de Jong fan it boerd neidat hy op it boerd yn de hiele partij al in oerwicht hie. Jan Kooistra siet tsjin kampioen Quido van Hazendonk en dat betsjutte dus in drege pot foar Jan. Jan spiele better as in jier tebek – hy gie doe twa kear kopke ûnder – en sels sa bêst dat Quido der net yn slagge om te winnen. In dik fertsjinne lykspul foar Jan ! Jelke de Jong tsjin Henk Haagsma: in skiif winst foar Henk soarge der foar dat Jelke it mear as dreech hie mar dochs slagge it him en meitsje in daam. It einspul wie wol foar Henk: oermacht omdat Henk twa dammen hie en dat koene der fjouwer wurde. Jelke goaide mei rjocht en reden de handoek yn de ring. Ultsje Venema tsjin Wiebren Couperus: de langste partij fan de jûn mei fjouwer oeren damjen. In moaie pot fan wjerskanten mei faaks optysk foardiel foar Wiebren mar dy slagge der net yn en brek troch nei daam. Ultsje kaam as earste op daam en hannele de saak ôf nei in trije tsjin ien en dat wie dus ek elk ien punt. Wiebren Couperus

Auteur

Brenda van Olphen