FNP stelt fragen oer de Roazebosk

Joure

De FNP stelt fragen oan it kolleezje oer de Roazebosk. Ein 2017 is it nije knooppunt klear en dan kin it âlde trasee opromme wurde dat de Roazebosk no yn twaën snijt.

Omdat 2017 hurd tichterby komt wol de FNP De Fryske Marren fan it kolleezje witte wat de stân fan saken is. Sa’n kâns om de âlde situaasje werom te bringen docht him mar ien kear foar en neffens de FNP moatte wy dy kâns gripe. Herstel fan de Roazebosk sil in ferriking betsjutte foar De Jouwer. De FNP freget ûnder oare oft it kolleezje ek fan miening is dat de Roazebosk hersteld wurde moat. En oft se alles yn it wurk stelle sil om dat te berikken. De bewenners fan de Roazebosk hawwe jierren lyn al kenber makke dat sy graach wolle dat de Roazebosk yn âlde gloarje werom brocht wurdt. Yn de plannen fan doe stiene lykwols 7 lúkse boskkavels tekene, om it plan finansjeel dekkend te meitsjen.Yn 2012 is yn de ried fan doe noch Skarsterlân in moasje oannaam dy’t de bewenners stipet yn har krewearjen.

Auteur

Brenda van Olphen