Pjutteboartersplak De Lytse Westermar fan SKIK sertifisearre foar it twatalige belied

Joure

Op moandei 6 juny 2016 wie it feest op pjutteboartersplak De Lytse Westermar fan SKIK op ‘e Jouwer. Liedster Marieke Melein hat it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oerlange krigen.

De lokaasje is ein 2014 útein setten mei it ynfieren fan in twatalich belied en hat dat trajekt koartlyn ôfrûne. Yn it ramt fan de sertifisearring wie it de hiele moarn feest op it boartersplak. Alle pjutten koenen komme en om’t it ek Fryske Foarlêswike wie, hat Djoeke fan de bibleteek in ferhaal foarlêzen mei de ferteljas oan. Liedingjaande Simone Boxma hat in taspraak hâlden, wêryn’t sy ek oankundige hat dat de namme ‘De Lytse Westermar’ komt te ferfallen. It boartersplak moast ferhúzje en sit no by De Einepykjes yn, dy’t ek krekt mei in twatalich belied oan it wurk is. It pjutteboartersplak sil fierder ûnder de namme ‘De Einepykjes’. Provinsjaal ûnderwiisbelied De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal lokaasjes dat it taalbelied ynfierd hat stiet boppe de 190 en is noch altyd groeiende. Pjutteboartersplak De Lytse Westermar Pjutteboartersplak De Lytse Westermar is ûnderdiel fan SKIK. Dat is in organisaasje dy’t ûnder oaren pjuttewurk en berne-opfang yn gemeente De Fryske Marren oanbiedt. SKIK is aktyf dwaande mei twataligens, sy hawwe it as yntegraal ûnderdiel fan it VVE-belied opnommen. Liedster Marieke is fan hûs út Nederlânsktalich, mar praat op it pjutteboartersplak konsekwint Frysk. Marieke: “Thús praat ik Nederlânsk, as ik nei myn wurk ta gean dan set ik ûnderweis bewust de knop om.” It Nederlânsk hat ek in fêst plak op De Lytse Westermar, pop Puk praat bygelyks Nederlânsk en der wurdt yn beide talen songen en foarlêzen. De fisitaasjekommisje skriuwt yn har rapport it folgjende: ‘De liedster is entûsjast en wurket mei grutte ynset. By de fisitaasje hat bliken dien dat De Lytse Westermar it twatalich belied op nivo 3 hat. De liedster hat goed sicht op de pjutten en har ferlet en ûntwikkeling. De omgong mei de pjutten is natuerlik. De fan-hûs- út Nederlânsktalige liedster stiet efter it twatalich belied, hat har it Frysk goed eigen makke, en wit op linige en enerzjike wize beide talen del te setten en der ek konsekwint mei om te gean.’ Sertifisearring Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardieljen. It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk. Wêr fan tapassing kriget de streektaal in plak yn it taaloanbod.

Auteur

Brenda van Olphen