Aant Mulder jout syn 50 ste kursus Frysk

Joure

Lesjouwer Aant Mulder út Balk is al mear as tritich jier ferbûn oan de Afûk. Yn 1982 begûn hy mei syn earste Fryske kursus, in koarte kursus Literatuer yn Aldegea.

As ridlik jonge lesjouwer begûn, joech Aant troch de jierren hinne alle soarten kursussen, foar net- Frysktalige en Frysktalige minsken yn Fryslân. Dêrneist begûn Aant yn 1984 mei it ôfnimmen fan mûnlinge eksamens. Op dit stuit is er sûnt in pear jier foarsitter fan de eksamenkommisje foar de Fryslân eksamens. Dy jierrenlange ynset as lesjouwer en syn stipe en saakkundigens op it mêd fan ûnderwiis foar de kursusorganisaasje binne bysûnder. Troch de jierren hinne hawwe in protte kursussen fansels yn Balk plakfûn. Mar dêrneist ried Aant de provinsje troch, nei Snits, It Hearrenfean, Ljouwert, Raerd, Sint Nyk en Blauhús. Sels by Omrop Fryslân yn Ljouwert witte se wa’t Aant Mulder is. Yn it ôfrûne kursusjier hat Aant harren meiwurkers op les hân. Joech Aant yn 1997 al op ’e Jouwer les foar in konversaasjekursus, no fiere wy feest by de kursus SkriuwmarFrysk, by gemeente De Fryske Marren op ’e Jouwer.

Auteur

Brenda van Olphen