'De iene leagen is de oare net' by Nut & Nocht

SCHARSTERBRUG

Tongersdei 7 april spile toanielferiening “Nut & Nocht” it stik “De iene leagen is de oare net” fan Michael Vukandinovich, oerset troch Gurbe Dijkstra. De tinte wie goed beset en de spilers hawwe tige harren bêst dien.

Troch in te koart oan spilers moasten sy yn in koart tiidsbestek noch op syk nei in stik wat wol foar harren mooglik wie. En dat is slagge. Se ha harren doarpsgenôten wer op in moai stik traktearje kinnen. Nei ôfrin wie er noch in ferlotting mei moaie prizen.   Twa susters, dy't by elkoar ynwenje, Claire (Brecht Klijnstra) en Dora (Shanna Hofstra), binne yn alles elkoars tsjinpoal. Dat docht ek wer bliken op de jûn dat dit stik spilet. Claire is oerdeis nei in begraffenis west en Dora nei in brulloft. Dora kleit dat se op it feest gjinien tsjinkommen is, mar Claire lykwols is op de begraffenis in âlde leafde, Piter (Benny de Leeuw), tsjin it liif rûn. De susters binne lekker oan it bekfjochtsjen at Piter bellet dat er Claire dyselde jûns noch sjen wol. Claire strûpt hastich wat oars oan om der goed út te sjen at Piter komt. Mar earst komt lykwols harren eksintrike mem (Froukje Braaksma) ûnferwacht en let op'e jûn noch op besite, om, sa't se seit, in goed stik fleis foar harren te brieden. De beide susters dogge oars neat as elkoar min meitsje tsjinoer mem. Dora seit bygelyks dat Claire swanger is, mar ynstee fan dit te ûntkennen, seit Claire dat it wier is, allinne om har suster ôf te troevjen. At Piter komt makket mem dêr út op dat hy de heit is. De iene nei de oare leagen, in grut tal misferstannen en in frjemde gearrin fan omstannichheden foarmje de basis foar dizze fleurige komeedzje.   Regy wie in hannen fan Benny Mulder, grime waard fersoarge troch Elena de Boer en Titia van der Meer, ynsteksters wiene Joke Hofstra en Titie van der Meer.  

Auteur

Marike Van der Molen