Sietze de Jong boppemaster damjen

Joure

Verslag: Wiebren Couperus

DE JOUWER - De titel freget fansels om útliz. Earst de oare spanning: in bytsje spannend wie it ek noch fanwege de partij Bonne Post – Quido van Hazendonk want de allerearste partij einige yn 1-1 en soms werhellet de histoarje him. Quido wie warskôge en liet him gjin twadde kear ferraskje. Hy stelde syn kampioenskip folslein feilich: út 18 partijen 31 punten. Wol de opmerking fan de kompetysjelieder Jelke de Jong: de nûmers 1 oant en mei 3 ferlearen alle trije twa kear dizze winter, mar 15 kear winst leveret de echte kampioen. Twads ensafuorthinne: Wiebren Couperus ( 29 pt. ); Henk Haagsma (23); Bonne Post (19); Sietze de Jong (18); Ultsje Venema (17); Atte Boek (11 mei winst op Quido! ); Herman de Jong (11); Jan Kooistra (11) en Jelke de Jong (10). SWHkompetysjenijs: De Jouwer waard tredde en de ienichste klup dy’t kampioen Tersoal op in lykspul hâlde koe. Topskoares foar Sietze de Jong en Quido van Hazendonk. Foar beide in healjier de wikselbeker en hulde. De winter waard útwiuwd mei fluchdamjen yn twa groepen. Fjouwer spilers sûnder ferlies: Sietze, Ultsje, Bonne en Wiebren. Lêstneamde en Sietze spilen noch foar de titel en eare wa’t eare takomt: Sietze kaam as winner út de striid en sil hjir in jier lang fan genietsje kinne; èn boppe Ultsje yn de kompetysje èn mei-bekerwinner SWH èn kampioen fluchdamjen èn al jierrenlang AOW-er en dus de mastertitel damjen  by De Jouwer mei rjocht en reden foar Sietze de Jong s.s.t.t.

Auteur

Marike Van der Molen