Dammen | De winter is foarby

Joure

It hat ommers 21 maart west en de damklup set der in punt efter hoewol: der moat noch ien spile wurde mar dat hat gjin ynfloed op de ranglist.

Der barre frjemde dingen yn de wrâld – Je suis … en folje mar yn – mar by dammers bart it yn frede. De wrâld skrok uteraard fan Bruxelles mar de dammers wiene ferbaasd oer de útslach Atte Boek – Qido van Hazendonk want Atte striek twa punten op nei in trije om trije en daam foar Atte yn in likense stân. It kin mâl rinne! Jelke de Jong tsjin Bonne Post: in wike earder stie Jelke mei lege hannen tsjin Quido mar no tsjin Bonne die Jelke it net minder. Alles ûnder kontrôle en yn balâns en Jelke koe Bonne kreas op 1-1 hâlde. Dat hie ek Herman de Jong dwaan kind tsjin Wiebren Couperus mar Herman liet de flage falle nei 49 setten. De pot damjen hie 1-1 wurde kind en wie dat ek mar de klok sei: de nul foar Herman fanwege de tiidskontrôle. De pot damjen tsjin Follegea: it is 10-6 wurden en sa is De Jouwer yn it SWH-bûn wer tredde wurden en waard Tersoal de nije kampioen: Hulde! Easthim waard twadde.

Auteur

Brenda van Olphen