Fotoreportage | Fryske Krite spilet 'Amateurs'

Joure

Yn betreklik koarte tiid waard ‘Amateurs!’ fan Wannie de Wijn, yn it Frysk oerset troch Gurbe Dijkstra, in toanielhit.

In apart stik, dat in protte freget fan de spilers en fan it publyk, mar dat de muoite fan it sjen mear as wurdich is. Dat lêste jildt seker foar de wize wêrop’t De Krite it stik, ûnder rezjy fan Sylvia Beintema, oer it fuotljocht bringt. De besetting is tige goed, alle spilers meitsje wat fan harren rol. En de healwize situaasjes stean garant foar in protte fermeits. Der is hiel wat betizing yn it stik , der giet hiel wat mis en de relaasjes tusken de spilers roppe fraachtekens en spanningen op. De skriuwer hat net alle spilers likefol tekst meijûn, in tal akteurs moat it foaral ha fan it stille spul. Se slagje dêr tige goed yn. It plot is miskien net oeral like sterk, mar goed genôch om de oandacht fan de measten fêst te hâlden. De djipper lizzende gedachten dy’t de skriuwer it stik faaks meijûn hat, sille net sa maklik by it publyk oerkomme. In bysûnder komplimint fertsjinje de minsken fan ljocht en lûd. Sy ha in grut en belangryk oandiel yn de foarstelling. Eigenaardich wie wol dat yn de sêne mei swierwaar de tjonger earder kaam as de bliksem, mar dat docht neat ôf oan harren prima prestaasje. It dekor hat dit kear net safolle wurk frege, mar is hiel fernimstich en funksjoneel. Wa’t him in jûn ûntspannen wol, moat nei ‘Amateurs!’ . Op ‘e Jouwer kin dat noch op op freed 18 en sneon 19 maart, om 20.00 oere, yn ‘t Haske. Hjir en dêr is beswier makke tsjin it stik: it soe de amateurtoanielspiler foar skut sette. Mar dat hat perfoarst net de bedoeling west fan Wannie de Wijn. Yn in ynterview seit er: ‘Ik heb compassie met de proberende mens.’ En de profesjonele regisseur giet it mar raar ôf. Oan de tekst is goed te sjen dat de auteur, sels acteur en regisseur, it stik mei kennis fan saken skreaun hat. Op prachtige wize jout hy in byld fan it ferrin fan in repetysje jûn fan de toanielferiening mei de tapaslike namme ‘Sân’. Se ha harren foarnommen om ûnder lieding fan in profesjonele regisseur (Rein Leenstra ) der wat bysûnders fan te meitsjen, mar dêr liket it yn de fierste fierte net op. It stik dat se mei-inoar opbouwe sille, is wat de tekst en de muzyk oanbelanget net ôf en boppedat totaal ûnbegryplik. De spilers kenne harren tekst net, komme te let (of hielendal net), ha de oandacht der net by, binne bytiden mear dwaande mei de ûnderlinge ferhâldingen as mei harren rol. En se ha mar in pear repetysje mear foar de premjêre. Dêr komt noch by dat lûd en ljocht harren eigen gong gean. Dêrmei wurdt oer de foarstelling in geheimsinnich waas lein. De man dy’t de kompjûter betsjinje moat, komt ek net opdaagjen. De regisseur etalearret bepaald gjin profesjonele oanpak. Raze en djipsinnige ferhalen ophingje kin er as de bêste mar folle fierder komt er net. It is mar goed dat de regisseur fan De Krite it hiel wat better docht. Sy en har spilers ha mei dit dochs net sa maklike stik, dat troch de koarte dialogen om in heech tempo en om ûnûnderbrutsen konsintraasje freget, in knappe prestaasje levere. De tekst behearsking is prima. Benammen de haadrolspilers ha hiel wat út ‘e kop leare moatten. En we komme tichterby: mei ‘Amateurs!’ is keazen foar in stik fan (hast) eigen boaiem. No noch in kear orizjineel Frysk! En net sizze, Krite, dat dy der net binne. Dy binne der wol. De namme Bouke Oldenhof seit wat dat oanbelanget genôch. Sieger Bijsterveld

Auteur

Brenda van Olphen