Dammen: Je Maintiendrai

Joure

En dat die de kampioen dizze wike: Van Hazendonk skeakele Wiebren Couperus út as kandidaat foar de titel.

De ûnderlinge pot waard in dúdlike winst foar VH: Wiebren siet de hiele partij yn’t nau en krige dan ek in draai om de earen. VH op 14-25 en C op ôfstân setten: 16-25. De kampioen sil dan syn titel ek handhavenje kinne. In oare belangrike pot: Jelke deJong tsjin Ultsje Venema: Jelke wol graach de reade lantearne kwyt en Ultsje waard slim beloerd troch Sietze de Jong. Jelke twong Ultsje ta in puntedieling – net min fan Jelke – en doe bea Sietze in puntedieling oan oan Henk Haagsma en sa kaam Sietze ( 17-18) boppe Ultsje (18-17) op de einlist en koe in fiksepreemje opstrike! Henk kaam hast foar fêst op it tredde plak ( 18-23). Herman de Jong tsjin Bonne Post: Bonne goed op dreef en pakte in skiif foardiel en koe Herman der letter mei gemak ûnderhâlde en de winst opstrike en mei 15-18 hat hy noch in lytse kâns – lyts fanwege syn drege programma - op it tredde plak. Atte Boek tsjin Jan Kooistra: it waard in lykspul mar it einspul hie mooglik in oare beslissing opleverje kind by trochspyljen. Jan op 18-11 en Atte op 17-9. Op 15 maart komt Follegea yn ‘t Syl foar de SWHkompetysje.

Auteur

Brenda van Olphen