Jouster Damklub: Marathon op in damboerd

Joure

Foar guon sit de kompetysje der hast op en guon oaren kinne der soms gjin ein oan breidzje. Hoe’t dat sit?

Jan Kooistra spile tsjin Jelke de Jong de foarlêste partij fan dizze winter. Hast klear dus; in echte striid want beide giene foar de winst. Jan like krap foardiel te hawwen mar Jelke bleau oerein en pakte de puntedieling. Bonne Post doarst it oan en spylje tsjin twatagelyk: Atte Boek en Henk Haagsma. Atte kaam Bonne oert mat mei in damslach en pakte syn earste winst! Henk slagge it net en win want in warskôge man jild foar twa. Lang-om-let draaide it út op in hândruk en 1-1. Sietze de Jong hie earder dizze wike syn broer Herman damjen leard en wûn en like tsjin Wiebren Couperus dat keunske oer te dwaan. Nei in twa-om-twa krige Wiebren wat lucht. In tiidneedeinspul levere beide in daam op mei in mearskiif foar Wiebren. Dy koe dat nei in marathonsitting fersulverje en dat ferplichtet Van Hazendonk ta in goede einsprint; by 18 leit de einstreep en VH stiet op 13-23 en C op 15-25 en der wachtet noch in ûnderlinge pot.

Auteur

Brenda van Olphen