Pjutte-opfang De Lytse Wjukjes sertifisearre foar twatalige belied

Rotsterhaule

De pjutte-opvang De Lytse Wjukjes yn Rotsterhaule hat woansdei 24 febrewaris it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oerlange krigen.

De lokaasje is yn 2012 útein setten mei it ynfieren fan in twatalich belied en hawwe it trajekt koartlyn ôfrûne. It wie in tige slagge feest foar âlden, bern en liedsters. De bern hawwe ûnder oaren har eigen cakeje fersierd. Dêrnei wie der in musykworkshop fan Hinke Strien. Provinsjaal ûnderwiisbelied De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal lokaasjes dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 190 en is noch altyd groeiende. Pjutteboartersplak ‘De Lytse Wjukjes Pjutteboartersplak ‘De Lytse Wjukjes’ is ûnderdiel fan SKIK. Dat is in organisaasje dy’t ûnder oaren pjuttewurk en berne-opfang yn gemeente De Fryske Marren oanbiedt. SKIK is aktyf dwaande mei twataligens, sy hawwe it as yntegraal ûnderdiel fan it VVE-belied opnommen. De fisitaasjekommisje priizget de wize wêrop’t de organisaasje útstrieling jout oan de twataligens. Sy skriuwt: ,,It taalbelied krijt eins oeral wol in plakje, sawol yn organisaasje stikken as yn de nijsbrieven fan de lokaasje sels. Ek yn de groepsromte is dúdlik te sjen dat der mei in twatalich belied wurke wurdt. Sa binne der by de tematafel guon tematyske wurden twatalich tafoege, en binne de boartersbakken ek twatalich labele.'' Yn it wurkjen mei de bern binne de talen hiel natuerlik ferdield om’t liedster Ina Frysktalich is, en Petra Nederlânsktalich. De liedsters hâlde konsekwint harren taal fêst, tsjin alle bern. Ek dêrfoar jout de fisitaasjekommisje in komplimint: ,,Yn de rûnte, dêr’t hjoed Ina de lieding hat, folle de liedsters mekoar prima oan. De rûnte is yn it Frysk, mar boartsjendewei foeget Petra hjir en dêr ek guon Nederlânske wurden ta. Op it oare deidiel wurdt der oarsom wurkje. Petra nimt dan it foartou en biedt de rûnte oan yn it Nederlânsk.'' Sertifisearring Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardieljen. It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk. Wêr fan tapassing kriget de streektaal in plak yn it taaloanbod.

Auteur

Brenda van Olphen