Dammen | Underút yn de SWH-kompetysje

Jouew

Ut nei Easthim en op moandei: it hat noch nea in goede kombinaasje west foar de Jouster dammers.

Boppedat moasten wy it dwaan sûnder Ultsje Venema en dan moatte wy al infear litte. As it dan dochs net wol, silste sjen dat it ek mâl begjint: Bonne Post rekke mei in slachsetsje in skiif yn it neidiel en syn tsjinstanner S. de Witte wie tûk genôch om dat foardiel om te bûgen nei winst: 2-0 foar Easthim. Atte Boek tsjin F. Dotinga: fanwege Ultsje’s ôfwêzigens wie Atte opskood nei boerd 6 mar dat wjerhood him der net fan en spylje in goede pot damjen. Der bliek net mear yn te sitten as in lykspul: 3-1. Jan Kooistra tsjin F.Boschma: in spannende partij mei foardiel foar Jan mar dat kaam net yn de sifers werom; mei de 1-1 stie it 4-2. Sietze de Jong tsjin Hylke Osinga: Sietze hie it gelok dat hy syn bril fergetten wie mei te nimmen. Hy koe in Easthimmer bril liene en seach sa mei in Easthimmer blik nei it damboerd. Wie hy no in protte mear tûk as oars mei eigen bril? Hylke Osinga koe Sietze net fan streek krije en nei in protte pleagerij op damnivo: 1-1 en 5-3 as stân healwei de striid. Quido van Hazendonk tsjin A.Koopman: oan boerd 1 is it altyd wer dreech damjen om ek mar ien punt te heljen. Quido like in bytsje foardiel te hawwen mar ‘’de’’ Koopman liet him net omkeapje en kaam mei itselde geskut. De kanonnen swijden en de krúddampen fuort: 1-1 en 6-4. Henk Haagsma tsjin A.Bootsma: it bettere spul wie fan Henk. Hy like alles yn de macht te hawwen en meardere skiven brutsen de linys fan Auke yn twaën. Te hastich en efkes net oan de ferdigening tinke en dêr stie Auke op daam. Henk koe net mear heech of leech springe: de lucht der út en 2-0 en dêrmei 8-4 mei noch 4 punten te ferdielen. Jelke de Jong tsjin Tj. Wybrandi waard oan de ein fan de jûn 1-1 en doe die de lêste útslach der net mear ta: Wiebren Couperus tsjin J.Oosterbaan waard sûnder fierder te spyljen 1-1 en sa koe Easthim tefreden werom sjen op de einútslach 10-6. Easthim bliuwt yn de rees foar it kampioenskip mei 5-8 mar fierwei de bêste papieren binne foar Tersoal mei 4-7; der binne 6 wedstriden te spyljen en Tersoal hat al fan Easthim wûn. It grutste nijs wie lykwols de striid yn de ûnderlinge kompetysje: Quido van Hazendonk tsjin Henk Haagsma. Henk kaam Quido oer’t mat mei in twa om fjouwer en sa stie Henk sawat op de daamline. Quido koe oars net mear dwaan as fan de skrik bekomme en it fjid oersjen en de flage stike. Stân yn de kompetysje no: trije man op kop mei 21 punten mar foar Quido út 12; foar Wiebren út 13 en foar Henk út 16.

Auteur

Brenda van Olphen