Damwinst tjin Offenwier

Joure

Damlen tsjin Offenwier: oant no ta wie it altyd winst bliek út it papier. Mar eltse kear wer sil jilde: meitsje it mar wier.

Dizze kear slagge dat wol wer mar it wie eins in bytsje súterich. In goed begjin is it heale wurk mar Atte Boek levere gjin heal wurk want hy pakte as earste foar De Jouwer de folle winst middels in soarte fan loksetsje tsjin R. de Jager: 0-2. Blykber wie it in bytsje besmetlik want Ultsje Venema siet neist Atte en pakte as twadde ek de folle winst tsjin fr. G.Koopman; hy die dat fia in moaie slachset ( 0-4). Bonne Post, krekt werom fan in grypfirus, draaide noch net op folle toeren en levere in skiif yn tsjin H. Andringa. Bonne gie yn it einspul fan fjouwer tsjin trije ûnderút: 2-4. It duorre al efkes mar it Boek-firus fan winnen sloech wer ta by Sietze de Jong tsjin O.Broersma. Sietze wie der wol gefoelich foar en striek ek de folle winst op en dan liket de 2-6 wol hiel moai mar der wiene doe noch wol 10 punten te ferdielen. Wiebren Couperus tsjin W.Twijnstra wie mooglik mear mei de totaalskoare dwaande as mei damjen want hy wie te gau tefreden mei in lykspul wylst winst mear te ferwachtsjen west hie mar dan moat der wol trochspile wurde en dat die hy net: 3-7. Henk Haagsma tsjin H.Boschma: Henk gie, mei in mear-skiif op it boerd nochwol, mei in skean each nei de klok akkoard mei in 1-1 mar dat hie eins net wêze moatten want sûnder in yngewikkele stân op it boerd, hie Henk foar de winst gean kind. De Jouwer liet ek hjir in punt sitte: 4-8. In slim yngewikkele stân op it boerd hie Quido van Hazendonk tsjin Sj. Huitema. Quido hie it dreech mar wie op syn iepenst en koe alle oanfallen pareare en alle stoffelstienen oerkomme. Mei in tûk einspul – en fier dêrfoar ek al tûk – stelde hy heale winst foar De Jouwer feilich: 1-1 en 5-9. Jan Kooistra tsjin J.P.Talsma: ek hjir in fette kâns op Jouster winst farre litten. In ien-om-twa mei trochbraak nei de daamline gie foarby. Jan stelde noch wol in punt feilich mei de hândruk en sa 6-10. Jelke de Jong tsjin R.Huitema: Jelke hie it dreech want hy koe oan de lofter side fan it boerd syn skiven net ferskowe sûnder ferfelende konsekwinsjes. Oan de oare kant wie hy wol skerp genôch om dochs in feilige 1-1 te bewrotten. Sa dus 7-11 winst foar De Jouwer mar mei de kennis fan no, hie dat miskien ek wol 4-14 wêze kind. Wiebren Couperus

Auteur

Brenda van Olphen