Westermar spilet Wurde jo al holpen?

Joure

Op 5 en 6 febrewaris 2016 spile buertferiening Westermar “Wurde jo al holpen”?, nei de Ingelske televyzje searje “Are you being served”? fan Jeremy Lloyd en David Croft. It stik is yn it Frysk oerset troch Anja Steegstra.

De Jouwer hat de première fan dit Fryske toanielstik. De kar foar it stik komt foar in grut part foar rekken fan Attie de Jong. Se wie mei Anja Steegstra ek nau betrokken by de oersetting fan ik stik yn it Frysk. Attie soe de rol fan Mrs. Slocombe spylje, in rol dy’t har paste as in jas. Spitich genôch mocht se dit net mear meimeitsje. It stik sil dan ek altiten har stimpel drage. It wie har wil dat it stik dôchs mei faasje opfierd wurde soe en sa is it Westermar toaniel der ek wer mei oan de slach gien. It toanielstik spilet him ôf yn it foarneamde warehûs Grace Brothers yn London. De meiwurkers fan de klean ôfdieling meie de nije kampear ôfdieling fan it warehûs út teste. Magazynmaster Mr. Mash (spile troch Theo Nijholt) is der al betiid by en al drok dwaande de etalaazje poppen te sopjen. Hy docht dit tige sekuer en slacht it krús fan de poppen dan ek net oer, de seal gniffelt. Theo set de rol fan magazynmaster mei faasje del. Geandewei komme de meiwurkers de ôfdieling binnen. Se hawwe allegearre in trúkje om in plak yn de drokke metro te bemachtigjen. Miss Brahms (spile troch Jannie Post) bygelyks komt binnen as in swangere frou omdat se dan makliker plak kriget yn de metro. Jannie set de rol fan de “begearlike ferkeapster” tige natuergetrou del. Captain Peakock (spile troch Rinke Koopmans) stiet al klear om de meiwurkers mei syn stringe blik op te wachtsjen en wit efkes net hoe’t er it hat oant Miss Brahms de ballon stikken stekt ûnder har jurk. Rinke set de stive Captain Peacock del sa’t we him kenne fan de televyzje searje. Mr. Lucas (Roel ten Hoeve) is dan ek oankommen. Roel set de rol del sa’t we fan him went binne. It wachtsjen is no noch op Mrs. Slocombe en Mr. Humphries. Dan giet der in alaarm bel ôf omdat Mrs. Slocombe (spile troch Hinke Kuiper) wer es fest sit yn de lift. Hinke hie de dreeche taak om heal wei it seizoen de rol fan fan Attie oer te nimmen. Se is hjir mear as treflik yn slagge. Dan gean de doarren fan de lift iepen en wat we dan sjogge docht sear oan de eagen. We sjogge de derriêre fan Mrs. Slocombe en om’t se krom stiet ek har hiele direktoire. De seal leit blau fan it laitsen, as se mei in trepke út de lift holpen wurdt. Dan komt magazynmaster Mr. Mash mei in grutte kiste oansetten en nimmen wit wat dit te betsjutten hat, oant it deksel stadich iepengiet en de holle fan Mr. Humphries (Harm Jan Muurling) tefoarskyn komt. Harm Jan wit de rol fan de sêfte Mr. Humphries sa del te setten dat men hast leauwe soe dat de echte Mr. Humphries mei docht. Dan giet de winkel iepen en komme de klanten. Moaie byrollen fan Monique Oostra en Nanne de Jong. De meiwurkers binne alhiel yn rep en roer as Captain Peacock meidielt dat se as personiel alle artikels fan de neie kampear ôfdieling fan it warehûs út teste moate. Se sille dit spylje yn Kolumbiaanske sfearen en moate sels yninte wurde. In ferpleechster (in moaie byrol fan Margaretha Braaksma) nimt se ien foar ien mei nei efteren foar in spuit. It twadde bedriuw spilet him ôf op de kampear ôfdieling en eltse meiwurker moat yn in tinte kampeare. Wat de meiwurkers net witte is dat Mr. Bernardo (dûbelrol fan Mr. Lucas), Mr. Mash en it haad fan de kampear ôfdieling Sophie (spile troch Japke van der Meer) in bonus krije as alle artikels yn ien dei út test wurde. Japke spilet de rol fan Sophie en Conchita mei temperamint. Dit trio betinkt de iene nei de oare trúk om de meiwurkers mar efter de fodden te sitten. Allerhanne driigjende lûd effekten en in echte drugsbaron Cesar (dûbelrol fan Mr. Mash) wurde ynskeakele om de druk der mar op te hâlden. Úteinlik binne alle meiwurkers alhiel fan slach troch alle drigings, mar stiet it trio mei in grutte gniis op harren gesicht want alle artikels binne op tiid út test en de bonus is binnen. Mr. Lucas kin einliks syn neie auto keapje. Westermar toaniel op syn best ûnder regy fan Sybren Sigtema, mei help fan ynstekster Ginie Kramer. It skitterjende dekor moat ek efkes neamt wurde, mei tank oan Paul IJsselmuiden en de Westermar bouploech. Ek in grut komplimint foar de klean en de grime fan de spilers.

Auteur

Brenda van Olphen