Bjusterbaarlik dat damjen

Joure

It wie skraal mei it oantal dammers de ôfrûne wike yn ’t Syl mar wat der wie, wie goed foar in tal moaie wedstriden.

Omdat ek de kompetysje yn de tredde helte sit, komt der eltse wike mear tekening yn de stân op de ranglist. Goede saken die dizze kear Henk Haagsma dy it tsjin wytspiler Jan Kooistra opnimme moast. Lang gie it gewoan lyk-op en dat gold dan seker foar it tal houten. Nei ferrin fan tiid rekke Henk wat mear op dreef en kaam mei in moaie set – daam jaan en fuotendaliks dyselde daam wer opromje en dan sels op daam komme – Jan oer’t mat. Mei in pear setten stie Jan sprekwurdelik dan ek skaak-mat. Henk de winst en moai yn de plus mei 15-19. Sietze de Jong tsjin Atte Boek: bjusterbaarlik sa’n pot damjen. Atte doarst it net oan en bliuw in losse skiif fan Sietze oanfallen en hy rekken sa in skiif yn it efter. Dy iene waard sels twa want honger nei mear smakket bliuwt. Atte oan it tellen: acht foar him en tsien foar Sietze. In ôfrinnende saak foar Atte mar ta grutte ferwûndering fan Sietze: ’’Ik stean noch mar ien foar!’’ Sietze fan’t hynder… en Atte en Sietze beide in daam. Sietze krige gjin grûn mear ûnder de fuotten en moast in 1-1 tastean. Sietze ferbjustere en Atte bliid. Ultsje Venema tsjin Wiebren Couperus: twa kear tiidkontrôle en dus in langduorenjende pot damjen. In rappe earste tritich setten en doe foel de wyn stil. It tal houten bleau oant it alderlêst lyk want doe levere Ultsje twa skiven yn om in feilige daam te heljen en de oerbliuwende skiven koene elkoar neat mear meitsje: 1-1. Op 9 febrewaris moat de klup nei Offenwier foar it SWHbûn: by winst fan de Jousters bliuwt de klup meidraaien by de boppestre trije en kin dan ek net mear degradearje dit winterskoft. Wiebren Couperus

Auteur

Brenda van Olphen