Agenda | De nozem en de non

Ouwsterhaule

Toanielferiening De Lytse Mienskip fan Ousterhaule spilet op freed en sneontejûn 12 en 13 febrewaris it (k)luchtig blijspul ‘De nozem en de non’.

Jan de Groot makket syn opwachting by ús selskip as âlde pater. Hy moat eltse dei de klokken liede, wêrmei de broeders en susters by inoar roppen wurde. Yn it kleaster wenje mem Oerste (Betty Wind) en pater JP (Auke Jan Snyder). De paters Pandre (Remco Akkerman) en Von Skransen hâlde der in nuvere hobby op nei. Ek suster Merel (Berber van der Wal) wit fan dizze frjemde praktyken. De grutte doar fan ’t kleaster stiet foar eltsenien iepen en dêrtroch komme der frjemde kostgangers yn it kleaster. Sa as Kitty (Aafina Bijker) en Sanny (Susan Piersma) en sels in jong feint, Johnny (Marten Wietsma) dy mient dat hy pater wurde wol. En dan stiet der in frjemd byld (Jelmer de Haan) yn ’t kleaster en rint der nachts in nuver mantsje (Reitse Holtrop) om. As dan ek noch de omstrieden Mevrouw van Strikt (Petra Heida) komt om ynsjoch te krijen yn alles wat binne dizze muorren bard, is it kleaster yn rep en roer. Mar wat der krekt allegearre barde….. bliuwt nei it sjen fan dit stik, ek strikt geheim. Nijsgjirrich wurden? Kom dan 12 of 13 febrewaris om 20.00 oere nei de Hichte op ‘e Haule.

Auteur

Brenda van Olphen