Agenda | Westermar spilet 'wurde jo al holpen?'

Joure

Op 5 en 6 febrewaris spilet beurtferieniging Westermar, yn party en sealen sintrum ’t Haske, it toanielstik “wurde jo al holpen”. Dit is de Fryske toaniel premiêre fan de populêre Ingelske televyzje searje “are you being served”.

Alle fertroude spilers út de televyzje searje binne fan ‘e partij. Bygelyks de kleurige Mrs. Slocombe (where is my pussy) en de wat houterige Captain Peacock, de moaie Miss Brahms en net te ferjitten de wat sêfte Mr. Humphries (are you free?). It toanielstik spilet him ôf yn it bekendste warehûs fan London Grace Brothers. De meiwurkers fan de ôfdieling dames en hearen klean meie de alhiel nije kampear ôfdieling fan it warehûs út teste. Der is net folle fantasy foar nedich om te begripen dat it folslein út de hân rint. Wolle jo ris âlderwetsk laitsje dan moatte jo hjir hinne. Foar de sneontejûn binne der noch mar inkele kaarten te krijen. Foar de freedtejûn binne noch foldwaande kaarten beskikber. De kaartferkeap is by Primera oan De Merk yn De Jouwer.

Auteur

Brenda van Olphen