Dammen | Tekening yn de damkompetysje

Joure

De twadde helte fan de kompetysje is geande en at wy de stân op de ranglist fan alle spilers besjogge dan fâlt op te merken dat wol de tiden feroarje mar de ranglist net sa bot neffens in jier tebek.

De ôfrûne wike sieten der acht man efter de boerden en dy kamen ta de no folgjende risseltaten. As earsten oer de streep giene Ultsje Venema en Bonne Post: sa as fakentiids giet Ultsje rap útein en as de ‘’oare helte’’ dan ek meigiet, komt der in flotferrinnende pot damjen yn it opskriuwboekje. Bonne mei trije winstpartijen op rige, koe der dizze kear gjin fjirde oan fêst knoopje want Ultsje kin as ien fan de bêsten oanstjoere op in puntedieling en sa ek no in 1-1 as útslach en stiet Ultsje kreas op 14-14 en komt Bonne op 11-13 en dus twa yn de plus. It hie der alle skyn fan dat de partij Jelke de Jong tsjin Sietze de Jong as earste út wêze soe: in misser fan Jelke mei hast noch alle skiven op it boerd en Jelke stie twa efter. Sietze rekke der net fan fan streek en krimmenearre wakker dat ien swel noch gjin simmer makket en hy sels mei trije skiven yn’t foar noch tige hoeden te wurk gean moast. Lang om let koe hy der dochs net foar wei en sko Jelke fan it boerd mar sy giene as twadde stel oer de streep: 2-0 en ek Sietze op 11-13 en Jelke bliuwt op 13-7 stean. Jan Kooistra tsjin Quido van Hazendonk: mooglik is it in kluprekord wurden want Quido helle op de klup syn tsiende winstpartij op rige en dat liicht der net om. Henk Haagsma hat as ienichste in punt tsjin Quido helle oant no ta; it skeelde net sa’n hiele protte as Jan hie de twadde wurde kind. Jan bea aldermirakelst tsjinpartij en Quido koe allinne sjen dat hy wat rommer yn de tiid siet as Jan mar ek foar Quido bleau it útsjen. Pas doe’t de skiven yn oantal aardich minderden, koe Quido it ‘’mear’’ ek fersulverje en rekke yn it foardiel. Jan gie yn i t einspul kopke ûnder: 2-0. Quido op – skrik net : 11-21 en Jan op 13-8. Foar de safolste kear as lêsten oer de streep: Wiebren Couperus tsjin Atte Boek. In lyk-op-geande striid werby’t Atte twa skiven fier op ‘’fijanlik’’ gebiet hie en dy twa skiven pleagen Wiebren doch smear as in bytsje. Hanthavenje tsjinoer dy twa en besykje mei de oare skiven in trochbraak nei de daamline te heljen, wie it doel. Dat slagge pas yn it einspul mar Atte koe mei itselde wikseljild ek trochbrekke. Hy rekke sels in skiif yn it foar mar rekke it spoar bjuster yn it sicht fan ‘’klokke tolve’’ want in aldermâlste set mei syn daam en Wiebren koe ien-om-twa opromje en dat wie dan de genedeklap: 2-0 en in alderheistlik balende Atte want hy hie mear as in lykspul yn hannen mar ‘’fergeat’’ syn meartal op te jaan om in wis lykspul te meitsjen. Wiebren op 12-20 en Atte op 12-4 mar hy kin folle better. Wiebren Couperus

Auteur

Brenda van Olphen