Agenda | Haskerhoarne spilet 'Klinyk yn opskuor'

Haskerhorne

De spilers en spylsters fan toanielferiening 'De trije botsense hoanne' út Haskerhoarne binne al sûnt begjin oktober oan it rippetearen om op 28 en 29 jannewaris klear te wêzen foar de jierlikse toanielútfieringen.

Dit jier spylje se it stik 'Klinyk yn opskuor', in klucht fan Jo Snoeren, oersetten yn it frysk troch Alle Geart Hof. It is in flotte klucht mei in soad humor. Herke Wigemans, direkteur fan in lytse mar eksklusive kreamklinyk, moat twa dagen de doar út nei in kongres. Yn dy tiid hat syn jeuchlike freondinne Swantina moai efkes “de romte”. Mei de komst fan Hepke, de twallingbroer fan Herke, in ynslûpster en in frommes mei in protte jild, in warbere suster Welmoed en it feit dat Gaaitske en Gjerrit it aardich mei elkoar fine kinne, binne alle yngrediïnten foar in prachtige klucht oanwêzich. Hoe’t it allegearre ôrint? Dat is te sjen op tongersdei 28 en freed 29 jannewaris yn it doarpshûs it Trefpunt yn Haskerhoarne. Beide jûnen begjint it om 20.00 oere, de tongersdeis kin der nei de tiid gesellich neisitten wurde ûnder it genot fan in drankje, de freeds kinne de fuotten fan de flier op de muzyk fan “I.K.E.A.”.

Auteur

Brenda van Olphen