Recensie | 30ste Nijjiersrevu op ‘e Jouwer

Joure

Ûnder de titel Út & Thús bringt Stichting Nijjiersrevu de Jouwer dit jier har fisy oer de gong fan saken yn ús nije gemeente “De Fryske Marren”, fansels lardearre mei komyske as net komyske sketsen.

Ûnder leiding fan regisseuse Aukje Steeman wiene de 17 spilers en spylsters tige op ‘e tekst en hie elk syn of har romte foar in passende bydrage. Oer de ynhâld wol ik it net mei jimme ha, myn tip: net stinne mar der hinne. De spilers en spylsters binne goed om mar net te sprekken oer de muzikale ûndersteuing. Dit selskip wie útwreidze mei it lûd fan in fioele en dit wie foar my en in protte oaren as der in ingel op jo tonge pisset: fantastysk. Alle oare saken as Lûd en Ljocht, Klaaiing en Grime wiene tige goed fersoarge en foar alle besikers it ôfrûne wykein wie it Dekôr dizze kear it klapstik! It stikje De Jouwer wat men sjen lit is siimmers al in brûzjend sintrum mar it blykt dat dit yn it winterskoft krek like goed sa is. Men wol eins net dat dit unyke bouwsel ferdwynt en ik ha flústerjen heard dat kommende sneon nei ôfrin fan de lêste foarstelling dit prachtige stikje húsflyt by opbod te keap is. Kommende foarstellingen: sneon 16 jannewaris om 14.30 oere mattinee en om 20.00 oere finale mei musyk nei ôfrin. Kaarten by Sigare Magasyn J.R. van Delden, mail info@revudejouwer.nl as oan ‘e kassa. Wêz der by, op is op en fol is fol!

Auteur

Brenda van Olphen